Meiwurkers Sionsberg bypraat

01 jun 2011 - 12:55

Personiel fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum waard woansdei bypraat oer it ferskerpe tafersjoch, dat de Ynspeksje foar de Folkssûnens foar it hiele sikehûs ynsteld hat. Yn in ynterne mail oan de meiwurkers stiet dat ferbetteringen trochfierd wurde moatte, omdat oars de takomst fan it sikehûs bedrige wurdt.

It ferskerpe tasicht hâldt yn dat de Ynspeksje ûnferwachte besites oan De Sionsberg bringt. Fierder sil de gong fan saken streng kontrolearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)