Ferbou De Arke Nij Beets klear

01 jun 2011 - 12:49

Learlingen fan kristlike basisskoalle De Arke yn Nij Beets hawwe einlik wer alle romte dy't se nedich hawwe. De ôfrûne jierren is it tal learlingen bot groeid en dêrtroch moast der nedich ferboud wurde. De skoalle wie 30 jier lyn boud foar sa'n 70 bern, mar no binne der wol twa kear safolle learlingen.

Acht moanne lang is de basisskoalle ferboud en woansdei waard it fernijde gebou iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)