Trije jonges plege 24 ynbraken

Mei de oanhâlding fan trije jonges fan 16, 17 en 18 jier út Akkrum, Eastersee en De Jouwer hat de plysje 24 ynbraken oplost. De jongste twa waarden twa wiken lyn betrape doe't se oan it ynbrekken wiene by in tankstasjon by Akkrum.
Ut plysje-ûndersyk waard dúdlik dat se ek by twa supermerken yn Akkrum en Jirnsum en it jeugdhonk yn Akkrum ynbrutsen hiene. De 18-jierrige jonge út De Jouwer hie yn guon gefallen ek meidien.