Mar 12% Friezen skriuwt Frysk

Mar tolve prosint fan de ynwenners fan Fryslân kin it Frysk goed skriuwe. Dat docht bliken út in enkête fan de provinsje. Dy hat hast 28.000 ynwenners frege nei har kennis fan de Fryske taal. De helte hat deroan meidien.
Neist de lege sifers oer it skriuwen, binne der neffens de provinsje hege sifers oer it ferstean. 85 prosint fan de ynwenners seit it Frysk ferstean te kinnen. Trijekoart seit it ek ridlik oant goed prate of lêze te kinnen.