De Vries nije direkteur Gea

01 jun 2011 - 10:21

Henk de Vries is beneamd ta direkteur fan it Fryske Gea. Op 1 jannewaris folget er Ultsje Hosper op dy't mei pensjoen giet. De Vries wurket al sûnt 1997 by it Fryske Gea, earst as haad natuerkwaliteit en fan 2006 as adjunkt-direkteur.

Natuerbeskerming is in passy fan De Vries. It doel fan de organisaasje is it ûntwikkeljen fan natuer, lânskip en kultuerhistoaryske kearnkwaliteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)