Swakke plakken yn feankaden

01 jun 2011 - 10:10

De Fryske feankaden binne op trije plakken ferswakke troch de droechte. It giet om kaden op it eilân de Burd by Grou en kaden by Abbegea. De swakke plakken bin ûntdutsen by kontrôles fan it wetterskip. Moandei sil in leanbedriuw de kaden fersterkje.

Om't de droechte noch altyd oanhâldt kontrolearret it wetterskip de Fryske feankaden ek de kommende tiid. Yn 2003 kaam it doarp Wilnis yn de provinsje Utrecht ûnder wetter te stean om't de feankade it troch de droechte bejoech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)