Skoaldirekteur krijt dien

De direkteur fan de stifting Iepenbier Primêr Underwiis Primus yn Skarsterlân is troch it bestjoer ûntslein. De algemien direkteur Joop Hakze wie trijekwart jier waarnimmer. Neffens it bestjoer wie er beneamd mei in spesifike bestjoersopdracht.
Makke ôfspraken waarden lykwols net goed neikommen, en om slimmer foar te kommen is besletten Hakze út syn funksje te ûntheffen. Bestjoersleden nimme syn taken tydlik oer.