Bantema nei Harkemase Boys

31 maaie 2011 - 14:30

De keeper fan Snits Wyt Swart, Ernst Pieter Bantema, wurdt takom jier twadde keeper by Harkemase Boys achter Jacob de Vries. De twadde keeper fan Harkemase Boys, Theo Timmermans, ferhuzet nei Snits.

Bantema is 32 jier. Hy begûn syn karriêre by SC Hearrenfean. Dêrnei spile hy foar ferskate amateurklups werûnder Wolvegea en De Jouwer, foardat hy fjouwer jier lyn by Snits delstruts. Timmermans (21) wie dit jier nij by de seleksje fan de Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)