Noorderbreedte makket winst

Zorggroep Noorderbreedte hat ferline jier 19 miljoen euro winst makke. It grutste part fan it positive resultaat komt foar rekken fan sikehûs MCL, dat ûnderdiel is fan de soarchgroep.
Noorderbreedte brûkt in part fan it jild om meiwurkers ekstra opliedingen te bieden. It grutste part fan de winst giet nei de reserves. De organisaasje docht dat mei it each op mooglike ryksbesunigingen.