Utwreiding fan 'In de Bres'

31 maaie 2011 - 12:34

GGZ 'In de Bres' yn Drachten iepenet nije festigings yn Grins, Assen en Lelystêd. De organisaasje foar kristlike ggz-help fernimt in dúdlike taname fan it tal kliïnten dat fan bûten Fryslân komt. Alle help dy't In de Bres yn Drachten jout, sil ek yn de nije festigings oanbean wurde.

De útwreiding fan in tal festigings en de helpferliening is mooglik troch stipe fan de soarchfersekerders. By de ynstelling wurkje goed 100 meiwurkers dy't jierliks 3000 minsken helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)