Sionsberg ûnder tafersjoch

31 maaie 2011 - 12:16

De Sionsberg yn Dokkum stiet ûnder ferskerpe tafersjoch fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch. Redenen binne gebrekken by de ôfdieling kardiology. In achterfang foar needsituaasjes ûntbruts en der wie ek gjin reserve-arts dy't beäzemje en yntubearje kin.

In jier lyn hie it sikehûs al tasein oarder op saken te stellen. Dat barde moandei pas nei in twingend befel fan de ynspeksje. It ferskerpe tafersjoch duorret in healjier, mar kin earder ophâlde as it wer op oarder is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)