Wethâlder Willemsma hâldt op

Wethâlder Tytsy Willemsma fan Dongeradiel hâldt dermei op. Se wurdt lobbyist foar it SNN, it Samenwerkingsverband Noord Nederland. Yn opdracht fan Fryslân, Grinslân en Drinte sil se fan 15 july ôf oan de slach yn Brussel. Se sil de trije provinsjes ynformearje oer wat der yn Europa spilet.
Tytsy Willemsma waard yn 2006 foar de FNP wethâlder yn Dongeradiel. It is noch net bekend wa't har opfolget.