Twa kear brân op kotters

31 maaie 2011 - 11:26

De opfarrenden fan in fiskkotter binne tiisdeitemoarn by It Amelân fan board helle. Der wie brân útbrutsen op it skip Op Hoop van Zegen. It fjoer ûntstie yn de masinekeamer, hoe't dat koe is noch net bekend. Rêdingsboaten fan It Amelân en de rêdingsboat fan Skiermûntseach ha de fiskers holpen. De brânwacht wie der ek.

Op de garnalekotter Volharding hat ek brân west yn de masinekeamer. De kotter wie op de Waadsee. Net ien fan de trije bemanningsleden rekke ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)