Ferkearsmaatregel yn Jutryp

31 maaie 2011 - 11:12

Yn Jutryp mei tenei minder hurd riden wurde. Fan heal juny ôf giet de maksimumsnelheid fan 70 nei 50 kilometer yn 'e oere. De provinsje hat dat besletten nei oerlis mei plysje en gemeente. Doarpsbelang hie frege om dizze maatregel foar mear ferkearsfeilichheid en bettere leefberheid.

De provinsjale dyk yn Jutryp wurdt oan ien kant smeller makke. Nei twa jier wurdt sjoen wat de effekten binne fan dizze maatregel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)