Plysje lost stellerij op

De plysje hat twa manlju en in frou fan It Hearrenfean oppakt. Se hiene navigaasjesystemen stellen, ynbrutsen yn hûzen en ha oan it joyriden west. De plysje kaam de fertochten op it spoar om't in tsjûge har sjoen hie op de Tormentil en de saak net fertroude.
De plysje ûntduts fjouwer navingaasjesystemen yn de fytstas. By it ferhoar op it plysjeburo bekenden de twa manlju dat se ek op guon plakken ynbrutsen hiene. It stellen guod bewarren se by kunde op De Gordyk.