Plysje set wer lokboaten yn

De plysje set dit wettersportseizoen opnij lokboaten yn om dieven fan boaten en bûtenboardmotoaren op te spoaren.
Dat is ferline jier ek dien. It tal stellerijen naam ôf. De boaten waarden doe ynset yn havens yn Súdwest Fryslân, Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel, om't dêr in soad stellen waard. Der binne ferline jier 16 minsken op 'e die betrape. Se ha in brief krigen dêr't yn stiet dat se dit jier ekstra yn de gaten hâlden wurde.