Man mei neppistoal op Skier

Op de Reewei op Skiermûntseach is moandeitemoarn in man út Zoutkamp oanhâlden. Hy hie in neppistoal by him. Minsken hiene de plysje warskôge doe't se seagen dat de man der mei oan it swaaien wie. Hy liek yn de war te wêzen.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat er earder yn in ytgelegenheid oan de Reewei west hie en yn in bus stapt wie. Personiel fan it restaurant koe him út de bus prate. Dêrnei koe de man sûnder problemen oanhâlden wurde.