Noed oer wetterpeil Iselmar

De Iselmar moat minder belangryk wurde foar de drinkwetterfoarsjenning. Dat fynt It Fryske Gea. Fanwege droechte is mear wetter yn de mar pompt, om de kommende tiid genôch drinkwetter te hawwen. Troch de súdwestewyn is it wetter de Warkumer- en Makkumerwaard ynblaasd en binne hûnderten nêsten ferlern gong en jonge fûgels fersûpt.
Wetterskippen soene yn eigen gebiet in gruttere foarried wetter oanlizze kinne. Mocht it wetterpeil yn de mar omheech moatte, moat dat winterdeis.