Kuieralvestêdetocht is begûn

Foar de 65e kear is tiisdei de kuieralvestêdetocht begûn. Om 7.00 oere wie de start yn Ljouwert. Yn fiif dagen rinne sa'n 1300 dielnimmers troch Fryslân. Dat is mear as ferline jier. Dêrfan dogge goed 800 kuierders de hiele tocht en oaren ien dei.
De earste dei giet de tocht nei Sleat, dat is 48.5 kilometer. Alle dagen ha de kuierders 12 oeren de tiid om binnen te kommen. Der dogge ek kuierders út België, Dútslân, Sweden, Switserlân, Noarwegen mei.