Oerterp klear foar Máxima

30 maaie 2011 - 23:49

De VMBO-learlingen fan de Boargemaster Haarsma-skoalle op De Gordyk binne der hielendal klear foar. Prinsesse Máxima komt tiisdei nei Oerterp ta om dêr de fyftichste organisaasje fan Stichting Present te iepenjen.

Máxima wurdt tiisdei yn de tinte fan it Oerrockfestival ûntfongen. De 24 learlingen fan de skoalle sille de betsjinning dwaan by dizze bysûndere besite. Sa moatte se ûnder oare kofje útdiele en pankoeken bakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)