60.000 sjoggers Achlum

De livestream fan de konvinsje fan Achlum is mei-inoar hast 60.000 kear besjoen. Dat lit it bedriuw DutchView witte. Op ynternet koene minsken dy't net in kaart foar de konvinsje hiene it hiele spektakel dochs live folgje.
Mei-inoar binne der sa'n 60 taspraken, debatten en talkshows útstjoerd. De stream wie ek te sjen op de webside fan omroplive.nl. De konvinsje fan Achlum wie de grutste livewebcast produksje ea.