Weening: 'Kâns op Tour 50-50'

30 maaie 2011 - 17:59

Hurdfytser Pieter Weening skat de kâns op dielname op de Tour de France op fyftich prosint. Dat seit Weening thús op De Harkema. Sneintenacht kaam Weening werom út Milaan nei in suksesfolle Giro d'Italia, dêr't hy in etappe wûn en fjouwer dagen yn it rôze trui ried.

Weening ferwachtet de kommende wiken dat de seleksje bekend makke wurdt. Hy fynt dat hy him goed sjen litten hat en dêrtroch de kâns op de Ronde fan Frankryk wol grutter wurden is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)