Brêgen meie ferfongen wurde

Minister Schultz van Haegen hat grien ljocht jûn foar de ferfanging fan in grut tal brêgen oer it Prinses Margrietkanaal. It giet om de brêgen by Burgum, Skûlenboarch en Koatstertille. Ek yn Grinslân wurde in oantal brêgen oanpakt.
Fryslân en Grinslân wurkje mei Rykswettersteat oan de ferbettering fan de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl. Troch de wurksumheden wurdt de rûte flugger en feiliger foar grutte skippen.