Skoalle set i-pad yn tsjin gsm

30 maaie 2011 - 15:32

Skoallemienskip OSG Singelland yn Drachten wol in i-pad ynsette om de terreur mei mobile tillefoans tsjin te gean. Neffens de lieding moat de tablet-kompjûter de learlingen bewuster meitsje fan de foar- en neidielen fan de sosjale media. It misbrûk mei mobyltjes sil dêrtroch ôfnimme, ferwachtet de skoalle.

Lanlik ûndersyk lit sjen dat learlingen dosinten peste mei stikeme opnamen mei har mobile telefoan. Dy filmkes sette se dan op youtube.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)