CAO-ûnderhannelings D.E. fêst

De CAO ûnderhannelings tusken Douwe Egberts en de fakbûnen driigje op neat út te rinnen. De fakbûnen wolle net prate oer de foarstellen fan memmebedriuw Sara Lee en it bedriuw wol net prate oer de foarstellen fan FNV Bondgenoten.
Dat falt op te meitsjen út de berjochtjouwing fan FNV Bondgenoten. By it Douwe Egberts-fabryk op 'e Jouwer wurkje goed 450 minsken dy't ree binne om aksje te fieren, sa wurdt warskôge.