Untromming Antillenflat begûn

30 maaie 2011 - 11:51

Boufakkers binne moandei begûn mei it fuortheljen fan de boppeste galerij fan de Antillenflat yn Ljouwert. Yn totaal moatte 20 stikken beton fuothelle wurde. Tiisdei wurde tsjin de gevel fan de flat opslachkonteners hongen. Ferhuzers kinne sa de flats leechhelje.

Ferline wike moandei stoarte in part fan de galerij fan de Antillenflat yn. Alle bewenners ha yntusken op oare plakken ûnderdak fûn. Se kinne de earste moannen noch net werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)