Drankrider by werhelling pakt

30 maaie 2011 - 10:25

De plysje hat snein oerdei in 31-jierrige Ljouwerter op 'e bon slingere fanwege it riden mei tefolle drank op. De man waard betrape op it Noordvliet.

Omdat it om in begjinnende automobilist giet en er al faker betrape is mei tefolle drank op, hat de plysje it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen ynskeakele om te bepalen oft de man noch wol syn rydbewiis hâlde mei. De man hie ek noch foar 150 euro oan boetes útstean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)