Untromming Achmeatoer

30 maaie 2011 - 09:32

De Achmeatoer yn Ljouwert hat moandeitemoarn koart ûntromme west nei't it brânalarm ôfgean wie. De brânwacht hat de melding ûndersocht. It die bliken dat der in wetterlieding knapt wie.

De meiwurkers dy't bûten opfongen waarden, koene der nei in kertier wer yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)