Drok wykein helptsjinsten

30 maaie 2011 - 07:46

De helptsjinsten ha it dit wykein drok hân op it wetter. Sneon en snein binne in soad wettersporters yn de problemen kaam. Yn totaal krigen de helptsjinsten tsien meldingen.

Sa sloech sneon by Burgum in fiskersboatsje om troch de hurde wyn en moasten de helptsjinsten snein by Heech mar leafst trije kear yn aksje komme. Der bin gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)