Man pakt nei mislearre ynbraak

In ynwenner (41) fan De Harkema is sneon op de Wâldwei oanhâlden. De man hie flak dêrfoar besocht in auto oan de Handwerkerszijde yn Drachten iepen te brekken. Dat mislearre en de man naaide út. In tsjûge hie lykwols it kenteken fan de auto opskreaun.
De man koe by it tankstasjon by Nyegea oanhâlden wurde. Yn syn auto fûn de plysje in brekizer. Dat is yn beslach naam.