Dokkumer skopt ien tsjin holle

In Dokkumer (23) is sneontenacht yn Dokkum oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan poging ta deaslach. Nei in melding fan in fjochtpartij seach de plysje in ferwûne man. Hy wie in pear kear troch de fertochte slein. Doe't er op de grûn lei, skopte de 23-jierrige him tsjin de holle. De plysje koe de fertochte oppakke. Hy is ynsletten.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Dokkum brocht.