Sketten heard yn Britsum

De plysje hat sneontenacht in man (46)út Britsum oanhâlden foar wapenbesit. Der wie in melding dat op de Aldlânsdyk sketten wêze soe. Tsjûgen melden dat mooglik út in hûs wei sketten wie. De plysje trof de man yn it hûs oan. Der waard gjin fjoerwapen fûn, mar wol in patroan. Ek binne wat himpplanten fûn.
De technyske resjerzje ûndersiket de saak. De man is foar neier ûndersyk ynsletten.