Hooglandgemaal lûkt soad folk

29 maaie 2011 - 12:16

De iepen dei fan it Hooglandgemaal yn Starum hat sneon sawat 600 minsken lutsen. It gemaal is krekt hielendal opknapt. De pompen kinne no op ôfstân betsjinne wurde.

It Hooglandgemaal is it grutste gemaal fan de provinsje. De pompen kinne yn in minút likefolle wetter fuortpompe as yn trije swimbaden sit. By grutte droechte kin der ek wetter ynlitten wurde by it gemaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)