Nominaasje Roelof Bouwmeester

29 maaie 2011 - 11:21

Roelof Bouwmeester hat syn Olympyske nominaasje foar Londen 2012 binnen. De Lasersiler út Warten waard tredde yn de einstân fan de Delta Lloyd Regatta op 'e Iselmar by Medemblik. Yn de medaljerace fan dizze fiifde wrâldbekerwedstriid waard Bouwmeester achtste.

Mearfâldich wrâldkampioen Tom Slingsby fan Australië waard tredde yn de lêste race tusken de bêste tsien Lasers. Dat wie genôch om krekt as ferline jier de Regatta op syn namme te skriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)