Spannumer rint op hichte

Soarchbuorkerij Donia State yn Spannum
As iennige Nederlanner docht Anneke Wester út Spannum snein mei oan de heechste maraton fan de wrâld, de Mount Everest maraton yn de Himalaya.
Se wol mei har sportive prestaasje tagelyk jild ynsammelje foar in feilich trainingsplak foar hynders op har eigen soarchbuorkerij. Dêrfoar is sawat 10.000 euro nedich. Yn it foar binne bedriuwen, ynstellings en partikulieren frege om dêrfoar jild te jaan. As Wester de einstreek hellet, hoege se har bydrage oer te meitsjen.