Postma twadde yn medaljerace

29 maaie 2011 - 10:51

Pieter-Jan Postma is sneintemoarn twadde wurden yn de medaljerace fan de Delta Lloyd Regatta op 'e Iselmar by Medemblik. De âld-Terkappelster moast yn de Finn allinne regearjend wrâldkampioen Edward Wright foargean litte. Wright waard ek einwinner fan dizze fiifde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen.

Postma klom troch syn twadde plak fan snein nei it fiifde plak yn de einstân. Postma helle ein april yn Hyères al in Olympyske nominaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)