Opsterlân praat oer belesting

29 maaie 2011 - 10:20

De gemeenteried fan Opsterlân nimt 6 juny in beslút oer it ynfieren fan toeristebelesting yn de gemeente. Oer it ynfieren fan de belesting wurdt al in jier praat.

Rekreaasjeûndernimmers fan Bakkefean en omkriten binne der fûl op tsjin. Fral langkampearders soene troffen wurde, omdat sy folle mear betelje moatte. Yntusken hat de gemeente wol de tariven wat oanpast. De heffing soe op 1 jannewaris takom jier begjinne moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)