Wer problemen wettersporters

De hurde wyn hat sneon opnij wettersporters yn problemen brocht. Op de Hegemermar sloech omtrint kertier foar fjouweren in sylboatsje om mei fiif persoanen. Mei help fan de plysjeboat koene se alle fiif wer feilich nei de wâl brocht wurde.
Earder dy middei sloech ek in fiskersboatsje by Burgum om. Ek dy wettersporter koe feilich oan de kant brocht wurde. Op de Sleattemermar is sneon opnij socht nei in 24-jierrige studinte út Arnhem.