Fryske skeelermedaljes op NK

Manon Kamminga (foto: webside KNSB)
In soad Fryske skeelerneurs ha sneon medaljes pakt op de 500 meter op it Nederlânsk kampioenskip yn Almere. By de manlju gie it goud nei Michel Mulder fan It Hearrenfean en wie der in tredde priis foar syn plakgenoat Sander de Graaff. It sulver gie op dy ôfstân nei de broer fan Michel, Ronald Mulder fan Zwolle.
Manon Kamminga wie de sterkste by de froulju, de ynwenster fan Haulerwyk wûn freed al goud en sulver. Elma de Vries pakte op de 500 meter brûns.