Ferwûne by fal fan hynder

By in springwedstryd foar hynders yn Easterwâlde is sneontemoarn in famke ferwûne rekke. By de wedstryd op it terrein oan de Houtwâl foel it 16-jierrige famke út Midwolde fan har hynder en kaam mei har gesicht op de hindernis terjochte.
De traumahelikopter fleach út om it famke te helpen, mar úteinlik is se mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. Se hat ferwûnings oan de fal oerhâlden.