Entûsjasme oer provinsjehûs

28 maaie 2011 - 12:59

Besikers fan it nije provinsjehûs oan de Twabaksmerk yn Ljouwert binne optein oer it gebou. Dat die bliken op de iepen dei dy't sneon holden waard. Der is twa jier oan it projekt wurke troch mear as 200 boufakkers en de kosten binne 80 miljoen euro.

Sneontemoarn makken al in pear hûndert minsken, ûnder begelieding fan meiwurkers fan de boukombinaasje Friso/BAM/Koopmans, in slach troch it gebou, dat ein dit jier oplevere wurdt, sadat de amtners deryn kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)