Drêgje op Sleattemermar

Op de Sleattemermar wurdt sneon drêge om de 24-jierrige sylster te finen dy't dêr fermist wurdt. Freed is it wetter de hiele dei ôfsocht mei sonarboaten, mar sûnder resultaat. Tongersdei tusken de middei sloech de sylboat, dêr't de frou mei fjouwer stúdzjegenoaten en in skipper yn sylde, om by de fargeul by Wâldsein.
Fjouwer froulju en de skipper koene út it wetter helle wurde, mar de studinte út Arnhem waard net fûn.