'Gjin Frysk jild nei FC Grins'

28 maaie 2011 - 09:01

It noardlik gearwurkingsprojekt foar duorsume enerzjy Energy Valley sil fjouwer topsportklups yn de stêd Grins sponsorje. FC Grins en trije oare klups krije stipe. De Fryske steatefraksje fan de PVV is it net iens mei dy sponsordeal.

Frysk mienskipsjild mei net brûkt wurde foar stipe fan de topsport yn Grins, fynt de partij. Rûnom de wedstriden fan FC Grins sille duorsumheidsworkshops opset wurde en it stadion moat enerzjyneutraal wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)