Jongeren stelle foar drugs

27 maaie 2011 - 21:34

De plysje hat in 63-jierrige juwelier út de gemeente Súdwest-Fryslân oanhâlden op fertinking fan heling. Hy soe fan fjouwer jongeren fyftjin kear sieraden kocht ha. De jonges dy't op in middelbere skoalle sitte yn Snits kochten fan dat jild softdrugs. It giet om sa'n 850 euro. Se hiene de sieraden stellen fan har âlders. Dy ha ek oanjefte dien by de plysje.

De hannel yn softdrugs is opset troch in 18-jierrige Snitser. Hy is ek oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)