Ferwûnen by ûngelok Eastersee

By in oanriding op de N354 by Eastersee binne freed oan it begjin fan de jûn trije minsken ferwûne rekke. Se sieten yn in auto dy't nei alle gedachten oanriden is troch in frachtwein. De auto bedarre yn de feart. De minsken koene der úthelle wurde, mar omdat earst tocht waard dat der mooglik in fjirde persoan yn de auto siet is ek in dûkploech oproppen.
De ferwûnen ha brutsen earms en ynwindich letsel. Se binne nei it sikehûs brocht.