Teeven:frouljushannel oanpakke

27 maaie 2011 - 16:53

It oanpakken fan minskehannel en twongen prostitúsje kin Fryslân net allinnich. Steatssiktaris Fred Teeven wol yn gearwurking mei Bulgarije en Roemenië de frouljushannel oanpakke.

Steatssiktaris Teeven fan feiligens en justysje sei dit freed op in sympoasium oer minskehannel yn Ljouwert. Op De Weaze yn Ljouwert sitte sa'n 160 prostituees. Mear as de helte dêrfan komt út Bulgarije en Roemenië. Neffens de plysje wurdt ek op De Weaze yn froulju hannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)