UWV-kantoar Drachten ticht

Neidat earder bekend waard dat it kantoar yn Frjentsjer tichtgiet ferdwynt it Wurkbedriuw UWV no ek út Drachten en Dokkum. De wurk- en útkearingsynstânsje skrast de kantoaren omdat it lanlik foar miljoenen euro's besunigje moat.
De goed 40 meiwurkers fan Dokkum en Drachten komme foarearst yn Ljouwert te wurkjen. UWV Wurkbedriuw hâldt yn Fryslân noch trije festigings oer yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean. Dat moat úteinlik ien kantoar wurde.