Nij út-shirt fan 'e baan

Yn dit shirt sil sc Hearrenfean it kommende seizoen útwedstriden ôfwurkje
It nije read-wite út-shirt fan SC Hearrenfean is fan de baan. De direksje fan de fuotbalklup hat nei oanlieding fan alle reaksjes op it shirt dit beslút naam. It reserveshirt wie basearre op it tenu dêr't Hearrenfean yn de jierren '20 en '30 fan de foarige ieu yn spile.
It shirt like neffens de supporters tefolle op it tenu fan Ajax: in swarte broek, it wyt shirt mei in fertikale reade baan en swarte sokken mei in read-wite omslach.