De Haan: 4 wike coach Tûvalû

27 maaie 2011 - 12:36

Foppe de Haan wurdt foar fjouwer wiken bûnscoach fan de ûnôfhinklike eilânnegroep Tûvalû yn de Stille Oseaan. Hy sil it lân tariede op de Pacific Games, takom augustus. De oanstelling wie al bekend. Mar freed hat De Haan sels ferteld wat syn plannen binne. Dat die hy op in parsekonferinsje fan it fuotbalbûn fan Tûvalû op fleanfjild Skiphol.

De Haan sil fjouwer wike traine mei de seleksje fan de republyk fan 16.000 ynwenners. It liket him in moai aventûr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)