Alde Harnzer filmkes digitaal

De Vereniging Oud Harlingen krijt 1500 euro fan it Prins Berhard Cultuurfonds foar it digitalisearjen fan âlde filmkes. De feriening hat in grutte kolleksje âlde films, dy't beskikber steld binne troch ynwenners.
Guon binne yn minne steat en moatte restaurearre wurde troch in spesjalisearre bedriuw. Bygelyks mei de Harnzer fiskerijdagen wurde der wol gauris foarstellings fan 'e films jûn. Dêr is yn de regel grutte belangstelling foar.